Songtexte.com Drucklogo

Wilko de minstreel Songtext
von Piter Wilkens

Wilko de minstreel Songtext

Hy song de moaiste lieten al fanôf syn bertedei
Betocht de earste hits wylst er yn 'e widze lei
Begûn al gau te spyljen op syn eigenmakke lút
Stuts syn broerke Bernlef graach de eagen út
In wûnderbern, dat wie it, mei in eigen didaktyk
Sa stie er oan de basis fan de iere popmuzyk
It spruts de minsken oan en hy brocht it hiel sjarmant
Hy waard de earste minstreel, de earste echte muzikant
Hy song de moaiste lieten en rispe mannich tút
Wie al in sekssymboal, fanôf syn jong debút
Syn kontsjedraaierij foel aardich yn 'e smaak
Ja ier yn de midsieuwen seach men dat net faak
Ferhaal fan folk en kening, noch nea wie it sa dien
Sensaasje, nije streaming, 'hot' foar elkenien
Famkes by de rûs en hy tocht: 'Da 's yntressant'
'Lit my mar minstreel wêze, de earste echte muzikant'
Hy song de moaiste lieten, brocht it minskdom op in spoar
De âlde generaasjes stelden net sa folle foar
Beminde alle froulju, libbe as in ljurk sa frij
En tocht: 'Wat kin it skele ju, sy hâlde dochs fan my'
Omdat 'Den Frieschen Waepensmidt' syn grutte sponsor wie
En er sa subsydzje kryg' fan de kulturele rie
Waard er wat bedoarn en ek wat nonsjalant
Striejonker fan it noarden, de earste echte muzikant
Hy song de moaiste lieten ek yn it Frankenlân
De frou fan kening Karel fûn him in "eerlyke garçon'
Sy stjûrde ris in postdo nei syn ympressario
'Yk wyl dy chansonnier avec le 'yle show'
Sa kaam er oan har hôf, dat brocht publisiteit
Oeral klonk syn namme dat syn trochbraak wie in feit
Foar ivich populêr, bejeftige, briljant


Hy song de moaiste lieten yn 't teater fan Parys
De Franken waarden wyld en sy rôpen: 'Bis, bis, bis!'
Nei hiel syn repertoire en in duetsje mei syn broer
Koe it net mear stikken: 'Vive le troubadour'
Karel wie te fjochtsjen tsjin de Moar oars hie er 't keard
Mar de keningin waard swier fan ús lytse dogeneat
Ja begripelik wie 't wol mar net sa sa elegant
Hy gie har oer de lea, de earste echte muzikant
Hy song de moaiste lieten, mannich faam gie nei him ta
Want fan sa 'n grut artyst wa wol dêr net in bern fan ha
Sy foelen foar syn streakjen, syn betoverjende stim
Yn alle hoeken fan de wrâld fynst it skaai fan him
Indianen as Japanners, o ja wier 't seit my genôch
Meitsje sy muzyk dan binn'sy grif fan Frysk komôf
Wy binn' allegear besibbe, fan heit as memmeskant
Troch dy pierewaaier, de earste echte muzikant
Hy song de moaiste lieten, en hy liet ús hiel wat nei
Al ús ynsperaasje it komt by Wilko wei
'T is erflik bepaald wy bliuwe inkeld surrogaat
Want wat wy ek besykje: Wy pleegje plagiaat
Earm en ryk en swart en wyt, sy krigen nea har nocht
De iene seach in freon yn him de oare dy waard sljocht
Mar Knut de Wytsing seach him by syn frou yn 't ledikant
Hy hold net fan muzyk en houde samar dea ..., de earste echte muzikant
Hy sjongt no moaie lieten, heech boppe ús by God
Wy brûke al syn fynsten, syn meldij-, akkoardebrot
Syn nûmers wurde 'covere', oant de dei fan hjoed
Ek dit liet is fan Wilko, al sjong ik net sa goed
Yn dizze tiid fan samples wurdt der stellen by de fleet
En ik doch wier net moeilik, 'k skriuw it ta oan ús profeet
Alle sjongers troch de tiid, sy bliuwe yn syn trant
En earje sa ús Wilko, de earste echte muzikant

Songtext kommentieren

Log dich ein um einen Eintrag zu schreiben.
Schreibe den ersten Kommentar!

Fans

»Wilko de minstreel« gefällt bisher niemandem.