Songtexte.com Drucklogo

Ûnder it skyld Songtext
von Baldrs Draumar

Ûnder it skyld Songtext

Hy wie de kening fan it moaiste lân fan de ierde
Syn namme waard bejúbele fier yn it rûn
Skalden sille sjonge oer syn grutte dieden
En fertelle oan it neiteam fan dat sterk ferbûn
Tusken goaden en kening, heiten en soannen
Eltsenien dy′t grutsk is en Fries yn it hert
Seeën en greiden, bosken en strannen
Op ús Fryske boaiem bin wy yn ús ferset


Koppen hat er tegrúze
Folken hat er op 'e knibbels twongen
Frjemdfolk wist er te kearen
Syn namme is ferneamd en syn dieden besongen

Syn fjoer baant yn ús hert
En yn jim allen lang om let
Syn krêft yn′t libben en de dea
Ferlit ús tinzen nimmer mear

Rêdbâd Aldgillissoan
Leit no bedobbe en ûnder 't skyld
Rêdbâd Aldgillissoan
Yn ús hert en yn ús siel

Do libbest, do libbest, yn ús en yn ús bêrn
It libbet, dyn erfskip, it giet nea ferlern


Ik sis Rêdbâd mei hân op myn hert
Rêdbâd, myn kening, oant 'e dei dat ik stjer

Songtext kommentieren

Log dich ein um einen Eintrag zu schreiben.
Schreibe den ersten Kommentar!

Beliebte Songtexte
von Baldrs Draumar

Fans

»Ûnder it skyld« gefällt bisher niemandem.