Songtexte.com Drucklogo

Koppen yn ‘e mist Songtext
von Baldrs Draumar

Koppen yn ‘e mist Songtext

Út ′e dize ferskine de koppen
Fan bisten tuorrich en wreed
Wylde draken ferskuorre de loften
In fjurrige glâns oer de see himelsbreed


Hoarnen klinke oer it wetter
Galmjend op spoekêftige toan
It earste teken, út 'e fierte
Kening en soan komme der oan
Koppen yn ′e mist!

It bloed begjint te jeien, de azem stekt my yn 'e kiel
By de mêst riist in skym op, kromstjûnige skippen komme op ús ta
Foarst fan de Friezen, bloed fan ús bloed
Strider der striders bring ús dyn soan, bring him ús hjoed

Har spearen djip yn de ierde
Fredich fûstkjend mei de wapenhân
Gjin slachark sil hjoed deaden rispje
Fryske krigers stjitte de hoarn

Koppen yn'e mist!

Songtext kommentieren

Log dich ein um einen Eintrag zu schreiben.
Schreibe den ersten Kommentar!

Beliebte Songtexte
von Baldrs Draumar

Fans

»Koppen yn ‘e mist« gefällt bisher niemandem.